De 58ste Lytse PC

Kaatsen is sport en sport is passy en emoasje. By keatsen heart emoasje en as dat bart binnen de sportive kaders en fatsoensnoarmen dan is soks prachtich. As dat dan ek noch kombinearre wurdt mei spannende en moaie sport dan belibje jo as taskôger in geweldige dei. De 58ste Lytse PC, in frije formaasje partij foar mânlju yn Mantgum, kenmerke him dit jier troch emoasjes. Derneist wienen der ek noch in tal spannende partijen dy’t mei alles oan de hang beslikke waarden. De fynpriuwers ûnder de keatsleafhawwers kamen yn Mantgum oan har trekken. (foar foto’s: klik op \fotoalbum\")"""

Emoasjes wienen der al doe’t de lotting noch barre moast. Wat wie it gefal? It partoer fan Rutger van der Meer, Bauke van der Graaf en Jan Hospes hienen har ferjitten op te jaan. Har teloarstelling oer it net meidwaan, waard breed beëamele yn it gasteboek fan www.kaatsen.nl. Mar it hie wol ta gefolch dat sa bekend waard dat de mannen frege wurde koenen as ynfaller. En sa barde it dus dat alle trijen mannen ûnderdak fûnen by in partoer dêr’t in spiler ferhindere wie. Foar Bauke van der Graaf en Jan Hospes duorre de freugde net sa lang. Hja gienen der beide yn de earste omloop al ôf, mar foar Rutger van der Meer siet der dizze dei mear yn. In ferrassing wie yn de earste omloop it ferlies fan Robert Rinia, Renze Pieter Hiemstra en Arie den Breejen tsjin it partoer fan Gerben Hein Wijtsma, Jacob Zaagemans en Marco Lautenbach. Dizze lêsten namen mei goed spul in 4-1 foarsprong en hoewol Rinia cs. noch wol wat werom dienen, koenen hja dochs nei 5-4 en 6-4 de klaairomte opsykje. It wie foar Wijtsma cs. in geweldige opstekker en it begjin fan in glorieuze dei. Op de twadde list waard der in spannende partij ferkeast troch de partoeren Wilco Rinia, Karel Nijman en Gert Jan Meekma tsjin Gert-Anne van der Bos, Lennart Adema en Willem Rienks. De partij einige mei alles oan de hang, doe’t Meekma de bal oer alles hinne reage. Rinia en syn maten herhellen dit keunststikje nochris tsjin it partoer fan Louwrents Reitsma en de bruorren Erik en Jacob-Klaas Haitsma. Ek no sloech Meekma mei alles oan de hang de bal wêr boppe. Mar dêrmei wie de piip ek leech foar dizze mannen. Se ferlearen, dochs wol ferrassend, mei 5-4 en 6-4 fan it partoer Rutger van der Meer, René Anema en Aloys Freitag. Dizze lêsten stienen yn de heale finale mei 4-1 efter, mar troch goed opslachwurk fan Van der Meer waard de partij dochs in harren foardiel ôfsletten. En sa kaam Rutger van der Meer, dy’t ferjitten wie syn eigen partoer op te jaan, mar frege wie as ferfanger foar Jouwert Nicolai mei in oar partoer yn de finale. De oare finalist wie it partoer fan Gerben Hein Wijtsma. Dizze mannen mei de bespraakte Amsterdammer Marco Lautenbach hienen de hiele dei tsjin sterke tsjinstanners keatst, mar dat dochs frij maklik wûn. Wytsma sloech betrouber op, en hoewol Zaagemans oan de opslach noch wolris wat ritich wie, wie hy foaryn gjin bal fertroud. En Lautenbach makke efteryn syn paadsje mear dan skjin. Dizze tritiger waard, sa like it, mei de partij better. Yn de finale krige Wijtsma op de stân 5-3 en 6-4, twa kear de mooglikheid om de partij mei in retoerslach út te meitsjen, mar yn beide gefallen sloech er de bal kwea. Van der Meer cs. krigen wêr hoop en setten noch in kear flink skrap. It waard fiif earsten gelyk. Doe hie Van der Meer dy’t yn de foargeande partijen fleanend opsloech, trije missers oan de opslach. Freitag naam de opslach noch wol oer, mar it wie úteinlik Gerben Hein Wijtsma dy’t syn fout fan twa earsten werom goed makke troch de bal no wol oant yn it perk werom te slaan. Hjirmei krige de partij in ferrassende mar absolút fertsjinne winner. Jacob Zaagemans waard mei ien punt ferskil útroppen ta kening fan de partij. Bysûnder en net alhyl frij fan emoasjes, wie it ôfskie dat de keatsers organisearre hienen foar René Janse, Eppie Weidenaar, Reinout Monsma, Johan Binnema, Johan Hospes en Dennis Weinjeterp. Hospes spruts syn keatsfreonen ta en helle nochris de hichte en djiptepunten yn harren karriêre oan. Foar elk hie hy in bemoedigjend wurd. Dernei rikte Marten Hiemstra út namme fan de keatsers de saneamde “Janse bokaal” út. In moai inisjatyf fan de earste klas keatsers om harren trouwe súpporters yn it sintsje te setten. Dit jier krige Teake Groenveld de bokaal. It docht je as feriening goed om te sjen dat keatsers op dizze wize har wurdearring útsprekke foar elkoar en foar de minsken om it keatsen hinne. Weardefolle emoasje. Nei ôfrin bliuwden keatsers en fans noch lang sitten foar in ôfslútende feestjûn mei in optreden fan de sjongende keatser Eppie Weidenaar. Foar har sit it keatsseizoen der wêr op. De mof kin oant keninginnedei wêr yn it fet. Utslach: 1.Gerben Hein Wijtsma (Ljussen) Jacob Zaagemans (Wytmarsum) Marco Lautenbach (Amsterdam) 2. Rutger van der Meer (Delfstrahûzen) René Anema (Balk) Aloys Freitag (Makkum) 3. Wilco Rinia (Makkum) Karel Nijman (Ljouwert) Gert-Jan Meekma (Wytmarsum) 3) Yde Klaas Dijkstra (Makkum) Mannes van Weert (Burgum) Hendrik de Jong (St. Jabik)

Geplaatst op 09 September 2007